Faak stelde fragen

Antwurden op fragen oer Searje 36 dy’t faak foarkomme.

Bestelle

Foar wa moat ik bestelle?

Hoe kin ik gebrûk meitsje fan de metoade?
Oanmelde foar Searje 36 kin fia de webside fan Taalplan.
Mear ynformaasje stiet op searje36.frl/oanmelde

Wy hawwe earder wurke mei de metoade, moat ik opnij bestelle?
Ja, wy freegje alle skoallen om foar skoaljier 2020-2021 in bestelling te pleatsen.
Fan dat skoaljier ôf wurdt it in trochrinnende lisinsje dy’t op 1 augustus automatysk ferlinge wurde sil.

Wa moat ik trochjaan as skoalbehearder?
Der sil frege wurden om in kontaktpersoan, in skoalbehearder en it ferwachte oantal learlingen. Dêrneist wurde adresgegevens en e-mailadressen frege.

Kinne meardere learlingen wurkje mei deselde learlinglisinsje?
Nee. Alle learlingen hawwe in persoanlik akkount nedich foar Searje 36. Yn de digitale learomjouwing wurde alle learlingresulaten opslein (en meinaam nei it folgjende learjier). Sa krijst as learkrêft ynsjoch yn alles wat learlingen dogge en leare ûnderweis.


Ynlogge

Hoe kin ik as dosint ynlogge?
As learkrêft ûntfangsto in persoanlike koade dy’t keppele is oan dyn e-mailadres. Hasto as learkrêft noch gjin koade, dan kin de skoalbehearder op dyn skoalle der ien foar dy oanmeitsje. Of nim kontakt op mei de Afûk.

Hoe kinne de learlingen ynlogge?
De learlingen logge yn oan de hân fan harren persoanlike akkount. Dit is in kombinaasje fan har skoalle e-mailadres en in wachtwurd.

Kinne de learlingen ynlogge fia Magister of in oare LVS?
Nee, ynlogge fia in LVS is noch net mooglik. Der wurdt wol besjoen oft der yn de takomst mooglikheden binne om hjir in keppeling foar te meitsjen.


Oriïntaasje

Is in ynformaasjegesprek op lokaasje mooglik?
Wy komme graach by jim del op skoalle om mei-inoar de mooglikheden fan de metoade foar jim skoalle te besjen. Nim hjirfoar kontakt op mei de Afûk om frijblieuwend in ôfspraak te meitsjen.

Kin ik de metoade probearje?
Bestel de metoade en probearje Searje 36 trije moanne sûnder ferplichtingen. Allinnich sa krijst neffens ús in folslein byld fan de metoade.
Foldocht Searje 36 net oan de ferwachtingen, dan kinst de lisinsje binnen trije moanne opsizze. Sûnder kosten fansels.


Ymplemintaasje

Startworkshop
Yn de yntroduksjeworkshop wurdt de basis fan de metoade útlein. Nei in oere kinst as learkrêft fuort mei searje 36 oan de slach. Alle skoallen dy’t de metoade bestelle, biede wy fergees in startworkshop oan.

Ekstra workshop
Is jim skoalle al even ynstapt op Searje 36? Ek dan komme wy graach nochris del, as der ferlet fan is! Bygelyks om’t jim as skoalle mear út de metoade helje wolle. Of om’t der in soad nije dosint Frysk is dy’t noch net earder mei de metoade wurke hat. Freegje hjir in workshop oan.


Systeemeaksen

Wurket de metoade op alle apparaten?
De digitale learomjouwing fan de metoade is sa ûntwikkele dat er op de measte apparaten goed wurket. Mar der binne altyd meardere saken dy’t wichtich binne foar it goed funksjonearjen fan de digitale learomjouwing. Tink bygelyks oan de snelheid fan de ynternetferbining en de dekking fan it WIFI-netwurk op de skoalle. Dit ferskilt per skoalle en hjir kinne wy gjin garânsjes oer jaan.


Untwikkelingen

Wurdt der noch wurke oan de metoade?
Daagliks wurdt der wurke oan ferbetteringen, sawol technysk as ynhâdlik. Tink hjirby oan it up-to-date hâlden fan de befeiliging en de server, mar ek it aktualisearjen fan de ynhâld. Der wurde hieltyd nije lesmaterialen tafoege oan de metoade!

Is de digitale learomjouwing altyd berikber?
De digitale learomjouwing is altyd berikber, útsein de mominten dat der ûnderhâld plakfynt oan de server. Wy besykje om oanpassingen oan it systeem troch te fieren op mominten dat skoallen der net mei wurkje. Dit betsjut dat ûnderhâld faak plak fynt op jûntiden, wykeins of yn de fakânsjes om oerlêst ta in minimum te beperken.