Learomjouwing ynrjochtsje

In nij skoaljier is in nije start. Dat betsjut dat de digitale learomjouwing fan Searje 36 (opnij) ynrjochte wurde moat. Dat dochst no ienfâldich mei in EDEXML-bestân.

Wat is in EDEXML-bestân?
EDEXML is in standaard foar it útwikseljen fan gegevens tusken ferskate programma’s yn it ûnderwiis.

Wêr fyn ik it EDEXML-bestân fan de skoalle?
In EDEXML-bestân kin eksportearre wurde fanút it learlingadministraasjesysteem.

Let op: it ynrjochtsje fan de digitale learomjouwing giet oars as foargeande jierren! Learlingen kinne net mear selstannich harren account oanmeitsje.

Doch! it sa

De learomjouwing ynrjochtsje
As Behearder fan jo skoalle krije jo in ynlochkoade foar https://searje36.edufrysk.nl Jo kinne dêr de learomjouwing ynrjochtsje, sadat dosinten en learlingen mei de metoade oan de slach kinne. Dêrfoar moatte de neikommende fjouwer stappen útfierd wurde:

Stap 1: EDEXML-bestân
Begjin mei it meitsjen fan in EDEXML-bestân. Sa’n bestân wurdt oanmakke mei it learlingadministraasjesysteem dat jo skoalle brûkt.
Binne josels wurksum op de administraasje fan jo skoalle? Sjoch foar help oer it meitsjen fan in eksport op de webside fan jim learlingadministraasje-systeem.
Sa nee, nim kontakt op mei jo kollega fan de administraasje.

Ynhâld fan it EDEXML-bestân
Op it stuit hawwe alle dosinten dy’t mei Searje 36 wurkje (sille) in eigen ynlochkoade. Dosinten hoege dus net opnaam te wurden yn de EDEXML.
De groepen (klassen) sille definiearre wurde moatte. Njonken de namme fan de klasse wurdt der in saneamde groep-‘key’ oanmakke, dêr’t de learlingen oan keppele wurde kinne. Fan alle learlingen dy’t ymportearre wurde moatte binne de neikommende gegevens foldwaande:

  • In learling-‘key’
  • Foarnamme (Ropnamme)
  • Achternamme
  • E-mailadres
  • Geboortedatum
  • Learjier (1 o/m 6 mooglik)
  • De groep-‘key’ fan harren klasse

TIP: Hjir steane oanwizings foar de trije grutste LVS’en en it útdraaien fan in EDEXML: https://support.ziber.nl/hc/nl/articles/360000700685-EDEXml-bestand-uit-uw-administratie-exporteren


Stap 2: Ymportearje it EDEXML-bestân
Loch yn mei op de learomjouwing en klik op de knop ‘Skoalle‘ op it Dashboerd. (Behearder fan meardere lokaasjes? Kies yn it rjochter menu foar de goeie lokaasje! It menu iepenet troch te klikken op it boltsje, rjochtsboppe.)

Yn it skerm ‘Skoalle’ fine jo in oantal opsjes oan de linkerkant. Kies foar ‘EDEXML-ymport’. Klik yn it folgjende skerm op de plus-knop, rjochtsûnder en folgje de stappen.


Stap 3: Wachtwurden oanmeitsje en útdraaie foar de learlingen
Gean no nei it skerm ‘Klassen’ (ek in opsje oan de linkerkant). Fier foar elke klasse dizze stappen út:

  • Fink alle learlingen yn de klasse oan. Dat kin yn ien klik, mei it boppeste fakje. Tink derom, as hjir al dosinten steane, fink dy dan út! (Dosinten wurde yn stap 4 keppele, der soe no dus noch gjin dosint stean moatte.)
  • Klik op de reade knop ‘Wachtwurden oanmeitsje’. Kontrolearje de nammen en klik fierder.
  • Hjir hawwe jo twa opsjes: selektearje de learlingen en stjoer se in e-mail mei har wachtwurd en/of klik ‘Printsje’. Jo krije dan in pdf mei alle wachtwurden, dat oan de dosint trochstjoerd wurde kin.

Stap 4: Tsjekke fan dosinten en se keppelje oan klassen
Under de opsje Dosinten steane de dosinten fan dizze skoallokaasje. Mist der dochs in dosint? Foegje dy ta mei de plus-knop, fier it e-mailadres yn. By in nije brûker komt it wachtwurd yn byld, stjoer dat troch oan de dosint. By in besteand akkount (bygelyks, de dosint hat op in oare skoalle wurke mei Searje 36 of in oar produkt fan eduFrysk) dan stiet der in slotsje. De dosint kin dan ynlogge mei syn of har besteande wachtwurd.
Gean wer nei it skerm ‘Klassen’ om de dosinten te keppeljen oan de klassen. Klik per klasse op de trije puntsjes, kies foar ‘Bewurkje’ en gean dan nei it tabblêd Dosinten. Dêr steane alle dosinten fan de skoallokaasje; kies de goeie om dy oan de klasse te keppeljen.

NB: Learlingen, mar ek dosinten logge yn mei harren e-mailadres en wachtwurd. De automatysk oanmakke ‘brûkersnamme’ wurket ek, mar is gefoeliger foar flaters by it ynfieren as it e-mailadres. Ynlogge kin op https://searje36.edufrysk.nl

Foar alle fragen en help by boppesteande stappen, mail mei searje36@afuk.frl Wy reagearje sa gau as mooglik, mar sowieso binnen ien wurkdei op jo mail.