LinKk

LinKk is in tydskrift dat seis kear yn it jier ferskynt en heart by de lessen Frysk foar klasse 1. It stiet fol mei ynterviews, celeb-roddels, proaza, poëzy, gamenijs en oare linke saken.

De tema’s fan LinKk komme oerien mei de tema’s yn Searje 36 foar klasse 1. By elke LinKk sit in katern mei opdrachten en de byhearrende antwurden. By de opdrachten steane stjerren (1 oant 3). Dat makket differinsjearjen maklik.

Troch LinKk te lêzen wurket in learling fansels foaral oan lêsfeardigens, mar mei de byhearrende opdrachten komme ek sprekfeardigens, stavering en (taal)identiteit oan bod.

In part fan de artikels en opdrachten út LinKk wurde nei it ferskinen fan it tydskrift opnommen yn de Lesserige foar klasse 1 op Searje 36. In grutter part fan de opdrachten is dêr te finen yn de projektmjittige oanpak foar klasse 1.
Op dy wize kinne de LinKk-opdrachten digitaal makke wurde.

Dêrom LinKk

Altyd aktueel

‘LinKk is een supergoed Fries tijdschrift bomvol leuke weetjes!’

Thijs van der Burg,
Drachtster Lyceum

Proaza en Poëzy

‘De koarte ferhalen yn LinKk binne spannend en realistysk.’

Mare van der Heide,
Bornego College It Hearrenfean

Oantreklike lay-out

‘LinKk is in tydskrift dat sa
yn ’e winkels lizze kin.’

Marije Tiemersma,
Bogerman Balk

Oanmelde foar LinKk

LinKk wurdt levere yn klasseset fan 30 eksimplaren.

Fia de side fan Taalplan kinsto dy oanmelde foar LinKk.