Oanmelde foar Searje 36

Searje 36 is fergees te brûken troch alle skoallen yn Fryslân. Oanmelde giet fia de webside fan Taalplan.

Foarhinne ûntfongen skoallen yn Fryslân stipe fan de provinsje om it skoalfak Fryske taal en kultuer sterk delsette te kinnen. Dat wie yn de foarm fan de Materiële Ynstânhâlding Frysk (MYF). Op 24 maaie 2022 hawwe Deputearre Steaten besletten om de MYF oars yn te klaaien. 

Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 wurket de provinsje, tegearre mei taal- en ûnderwiisynstellingen en it ûnderwiisfjild oan in sterke posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis. Dêr heart goed lesmateriaal by, en dêrom is besletten om alle skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân fergees tagong te jaan ta Searje 36.

Dêrneist meie skoallen no ek fergees it tydskrift LinkK, útjûn troch Cedin, oanfreegje. Searje 36 en LinKk wurkje gear om in moai en folslein oanbod del te setten, dochs kinne beide los fan inoar brûkt wurde. In part fan de opdrachten út it ferwurkingskatern fan LinKk is digitaal te finen yn Searje 36 foar klasse 1.

Oanmelde foar Searje 36 en/of LinKk kin op taalplan.frl/oanmelde. Besteande brûkers/lêzers fan Searje 36, resp. LinKk hoege harren net opnij oan te melden.

Earder krigen skoallen dus in bedrach per jier, op basis fan it tal learlingen en it Taalplan Frysk-profyl, om sels Frysk lesmateriaal fan keapje te kinnen. Fan dy wurkwize wurdt no ôfwykt.

Fansels kin der, neist Searje 36 en LinKk, oar materiaal brûkt wurde foar Frysk op jim skoalle. Yn sa’n gefal kin jim skoalle in berop dwaan op de provinsjale subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’. Mear ynformaasje oer de regeling op taalplan.frl/fryskfoarnoenletter.

Al it beskikbere lesmateriaal is hjir te finen: websjop.taalplan.frl. De regeling hâldt koartsein yn dat 80% prosint fan de kosten foar lesmateriaal fergoede wurdt. Sa kinne der, fia de websjop, bygelyks boeken besteld wurde út eardere LêsNo-projekten. Byhearrende lesbrieven binne sels fergees te bestellen, mar wol: salang’t der foarrie is. Mar ek posters, om it Frysk-lokaal mei oan te klaaien, binne te finen.

Workshop

Alle nije skoallen krije nei it onamelden útlis oer de wurking en ymplemintaasje fan de metoade.

Wurkest al mei de metoade, mar is der ferlet fan ekstra help? Freegje dan in workshop oan.