
Frysk yn klasse 1
Troch te kiezen foar de Lesserige hast in folslein programma foar it hiele skoaljier klear. Fiif nijsgjirrige tema’s mei elk fiif lessen en in opsjoneel toetsmomint én romte foar it LêsNo-projekt yn jannewaris.
Wurkest graach projektmjittich, dan is dat mooglik. By it tydskrift LinKk binne in algemien katern (mei opdrachten by aktuele ûnderwerpen en artikels út de nijste edysje) en in Lear!-katern (foar klasse 1 of klasse 2) oanbean. Om de rest fan it skoaljier op te foljen kinst kieze foar LêsNo!, Fet âld! of ien fan de oare, ferskate projekten.
In beide wurkwizen is oandacht foar de nije kearndoelen. Klik hjirûnder foar mear ynformaasje.
Lesserige klasse 1
De fernijde Lesserige bestiet út fiif tema’s, mei elk fiif lessen en in toets. Mei dy tema’s slútst ienfâldich oan by de belibbingswrâld fan de hjoeddeistige learling.
Projektmjittige oanpak
Sels it jier yndiele? Dat kin oan de hân fan ferskate tematyske middels, nijsgjirrige projekten en op harsels steande toetsen.
