Undersykje!
Twadde faze
Yn de boppebou dogge learlingen ûndersyk nei ferskate ûnderwerpen oer de Fryske taal, kultuer en skiednis. Undersykje! biedt genôch kar om oan te sluten by de persoanlike ynteresses fan de learlingen.
Didaktyk
Undersyk nei Fryske taal, kultuer en skiednis
Undersykjend wurkjen riedt de learling ta op soartgelikens wurkjen op it heger ûnderwiis.
Dêrom dogge learlingen yn de twadde faze ûndersyk nei ûnderwerpen oer de Fryske taal, kultuer of skiednis. Undersykje! is fleksibel genôch om klassikaal of selsstannich yn te setten. Dat makket dat der binnen deselde klasse foar ferskillende ûnderwerpen keazen wurde kin.
Opbou en oanbod
Foar de twadde faze fan it fuortset ûnderwiis binne de folgjende lesmaterialen makke:

Taalfariaasje
Fjouwer lessen mei ferdjipping, folge troch in taalsosjologysk ûndersyk en in peer-assessment.

Fryslânkunde
Kar-út acht ûnderwerpen. De learling makket in ûndersyksferslach oer it keazen ûnderwerp.

Literatuer; Salang’t de beam bloeit
Gruttere opdrachten by ferskate finsters út de Fryske literatuerskiednis.
Wurkje doelfêst
Mei Undersykje! wurdt doelfêst oan de Fryske taalfeardigens wurke, want de leardoelen binne keppele oan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk. De projekten kinst, oarsom, ek fine troch fia it referinsjeramt te sykjen nei doelen dêr’tst oan wurkje wolst.
Organisaasje
Undersykje! is opdield yn trije ferskillende ûndersyksprojekten:
Taalfariaasje
By Taalfariaasje lizze learlingen oan de hân fan fjouwer lessen in basis foar harren eigen taalsosjologysk ûndersyk. De fjouwer lessen behannelje:
Histoarysk Frysk
Frysk oer de grins
Dialekten yn Fryslân
Meartalige maatskippij
De lessen binne goed selsstannich te folgjen, mar lienen harren ek foar klassikale ferwurking. Basearre op de lessen wurdt in ûndersyksfraach formulearre.
Nei it útfieren fan fjildûndersyk wurdt in ûndersyksferslach makke.
Fryslânkunde
Fryslânkunde beslacht twa Frysk-eigen ûnderwerpen, Fryske sport en Fryske natuer.
Mei-inoar biede dy acht dielûnderwerpen dêr’t in kar út makke wurdt.
De learling makket in wurkstik dêr’t yn dúdlik wurdt dat er him ferdjippe hat yn it ûnderwerp, kompleet mei Plan fan oanpak en in kreative ferwurking.

Sport
- Keatsen
- Skûtsjesilen
- Fierljeppen
- Alvestêdetocht

Natuer
- Lânskip
- Bisten
- De marren
- De see
Literatuer; Salang’t de beam bloeit
Literatuer bestiet út de neikommende finsters:
Runen
De Halbertsma’s
Jongereinliteratuer
Poesie in recht
Waling Dykstra
Fedde Schurer
Gysbert Japicx
De Boereroman
Trinus Riemersma
De learling kiest ien fan de oanbeane finsters en makket dêr de opdrachten by. It einprodukt is in kombinaasje fan de ferwurke opdrachten en de Blomlêzing, in eigen gearstalling út boarnemateriaal dat by it keazen ûnderwerp oanslút.
Differinsjaasje
Meitsje in kar
Learlingen kinne, foar in part, in kar meitsje om oan te sluten by harren eigen ynteresses. Globaal sjoen binne de ûnderwerpen Taal, Literatuer, Sport en Natuer liedend, mar dêryn lizze meardere rûtes nei it einprodukt ta.
Evaluaasje
Beoardielje mei Rubrics
By elk projekt fynst in Rubric, dêr’t de stappen fan it projekt yn beskreaun steane. Oan de hân fan dúdlike omskriuwings jout de Rubric oan wannear’t wat goed, foldwaande of min dien is. Dat hat twa doelen: de learling wit wêr’t er op beoardiele wurdt en de dosint kin de Rubric ynsette om it resultaat te bepalen.
Brûk evaluaasje-ynstruminten fan Grip
By in soad projekten wurde metoade-ûnôfhinklike evaluaasjeynstruminten fan Grip oanbean. Mei de observaasje-ynstruminten kinst beoardiele hoe’t de learlingen it Frysk brûke by in bepaalde ferwurking. De selsevaluaasjes jouwe learlingen de mooglikheid om nei te tinken oer harren prestaasjes en ûntjouwingen op it mêd fan de formulearre taaldoelen.
Peer-assessment
It ûnderdiel Taalfariaasje makket gebrûk fan in peer-assessment. Dat wol sizze dat de learlingen de ûndersyksferslaggen fan inoar beoardielje kinne. It is in diagnostysk ynstrumint om fan inoar te learen en feedback te jaan op it wurk.