Frysk yn klasse 1

Yn klasse 1 hast karút twa wurkwizen.

Troch te kiezen foar de Lesserige hast in folslein programma foar it hiele skoaljier klear. Seis tema’s, tritich lessen wêrûnder seis s.o.’s en romte foar it LêsNo-projekt yn jannewaris.

Wurkest graach mei in projektmjittich oanbod, dan is dat mooglik. Tusken de seis edysjes fan LinKk troch (dêr’t hieltyd trije lessen oan bestege wurde) hast karút in tal nijsgjirrige projekten. Twa kear yn it jier biedst in Taaltoets oan. Ek is der romte foar it LêsNo-projekt yn jannewaris.

Lesserige klasse 1

De Lesserige Searje 36 bestiet út tritich lessen, dy’t yndield binne yn seis tema’s. Mei dy tema’s slútst ienfâldich oan by de belibbingswrâld fan de hjoeddeistige learling. 

Projektmjittige oanpak

Yn de earste klasse wurde de tematyske lessen, dy’t yn gearwurking mei LinKk opsteld binne, ôfwiksele troch nijsgjirrige, praktyske projekten.