Projektmjittige oanpak klasse 1

Yn de earste klasse wurde de tematyske lessen, dy’t yn gearwurking mei LinKk opsteld binne, ôfwiksele troch nijsgjirrige, praktyske projekten.

Didaktyk

Utdaagjende lessen

Wurkje oan en mei Fryske taal en kultuer bart yn de LinKk-lessen. De tema’s slute oan by de belibbingswrâld fan de hjoeddeistige learling.

Minsken en Moetingen
Tema 1 giet oer minsken moetsje, dysels foarstelle en prate oer it Frysk.

Bisten en Natuer
Tema 4 giet oer de natuer yn Fryslân, mar ek oer it begjin fan de Fryske skiednis…

Famylje en freonen
Tema 2 giet oer famylje, dyn freonen en oare minsken om dy hinne.

Trends
Tema 5 giet oer (digitale) trends, moade en mear.

Kommunikaasje
Tema 3 giet oer kommunisearje, bygelyks yn petear of op sosjale media.

Skoalle en Kieze
Tema 6 giet oer skoalle, dyn takomst en oer it belang fan it fak Frysk.

Wikselje ôf mei praktyske projekten

Under Doch! binne projekten te finen dy’t taspitst binne op de earste klasse. De projekten binne krekt wat koarter en de learlingen kinne sa tusken de edysjes fan LinKk troch praktysk oan de slach.

Omtinken foar alle taaldomeinen

De LinKk-lessen en projekten foar klasse 1 befetsje learstof, oefeningen en opdrachten op it mêd fan lêzen, harkjen en skriuwen. Oan de hân dêrfan wurde de Fryske taal en kultuer, wylst der oansletten wurdt by de aktualiteit. Fryske sprekfeardigens is ûnderdiel fan de projekten, mar troch Frysk as fiertaal te brûken wurdt it ek oefene.

Organisaasje

LinKk-lessen
It tydskrift LinKk komt seis kear yn it jier út. Alle kearen binne der trije lessen te finen dy’t ynhâldlike opdrachten (by de artikels út it tydskrift) en gruttere, kreative opdrachten kombinearje mei útlis en oefeningen Fryske Stavering.

Projekten
De LinKk-lessen wurde ôfwiksele mei projekten dy’t sa’n fjouwer wiken duorje. Sjoch foar mear ynformaasje by Doch!

Toetsing
It skoaljier begjint mei in diagnostyske toets: de Frisiatoets. De toets is te finen ûnder Grip.

Twa kear yn it jier (nei tema 2 en nei tema 5) is der in Taaltoets beskikber dy’t alle taalfeardigens út de tema’s befettet. Dêrneist binne der in harktoets (sjoch: Lear!) en in lêsbegryptoets (Grip) foar klasse 1 makke.

Differinsjaasje 

De ynhâld fan de lessen is kwa nivo te werkennen oan stjerkes. Ien stjerke stiet foar in Nederlânsktalige (of ienfâldich Fryske) oefening, twa stjerkes stiet foar gemiddelde Fryske oefeningen en trije stjerkes binne fan in wat heger nivo. Globaal sjoen kinne de nivo’s ek stean foar * net-Frysktalich, ** vmbo en heger en *** havo/vwo en heger.

Op dy wize kin der differinsjearre wurde op skoal- en/of persoanlik nivo.

By de projekten kin op in oare wize differinsjearre wurde, sjoch dêrfoar de ynformaasje by de projekten sels.

Evaluaasje 

Ynsicht yn de resultaten fan learlingen 
De resultaten fan de lessen binne yn te sjen en der wurdt automatysk byhâlden hoe lang oft in learling mei guon saken dwaande west hat. Sa is fêst te stellen oft learlingen meikomme kinne of ekstra stipe nedich hawwe.
De projekten wurde beoardiele mei help fan in Rubric, in skema mei kritearia dêr’t learlingen yn ‘t foar al op sjen kinne wêr’t sy op skoare kinne

Ferskillende toetsmominten 
Binnen de projektmjittige oanpak binne der twa toetsmominten op it mêd fan skriftlike taalfeardigens. Nei tema 2, en nei tema 5. De saneamde Taaltoetsen geane oer alle staveringsregels (en tiidwurden) dy’t yn de tema’s behannele binne. Grut ferskil mei de Lesserige is dat de Taalkaart (wurdskat) net toetst wurdt.
Dêrneist is der in harktoets makke, by inkelde ôfleveringen fan ‘Buorkje foar begjinners’. Dy harktoets past kwa ûnderwerp, mar ek kwa planning it bêste yn of om tema 4 hinne.

Brûk ek de ynstruminten fan Grip 
It evaluearjen fan de Fryske taalfeardigens kin ek mei de evaluaasje-It evaluearjen fan de Fryske taalfeardigens kin ek mei de evaluaasje-ynstruminten fan Grip. Dat kin mei fuortgongstoetsen lykas de ferskate Frisiatoetsen of de Lêsbegryptoets. Dêrneist binne der observaasjeynstruminten, dêr’t bygelyks oerlizze, presinteare, in skriftlike opdracht, in diskusje fiere of in boekbesprek hâlde mei beoardiele wurde kin.