Searje 36 – print

Jierplanningen ûnderbou

Hjir fynst in yndieling foar 36 wiken (in hiel skoaljier mei ien oere yn de wike), foar de nivo’s 1bk, 1thv, 2bk, 2thv en 3hv.
Foar klasse 1 bestiet fansels ek de mooglikheid de Lesserige, oanfolle mei LêsNo, te brûken om it jier te foljen. Yn ‘e takomst is dy opsje der ek foar klasse 2.

☆ Learmiddelen ûnderbou

Yn dit (groei)dokumint steane alle Learmiddelen dy’t op Searje 36 te finen binne, wannear’tst as dosint learlingen fan it neamde ‘learjier’ hast; Klasse 1, Klasse 2 en Klasse 3hv.
By alle Learmiddelen is te sjen oan hokker Kearndoel wurke wurdt. Ek is in tiidsbestek oanjûn.

Taal leare en brûke

Hjir fynst alle katernen en antwurdeboekjes by it ûnderdiel Taal leare en brûke, foar klasse 1 en 2.

Learmiddelen boppebou

Alle Learmiddelen dy’t op it stuit foar de nivo’s vmbo 3/4 en boppebou h/v beskikber binne, steane yn dit dokumint. Se binne allegear keppele oan de Eintermen dêr’t se oan wurkje. Dat sein, nei de Faze fan Bepriuwen (SLO) is der in wurkgroep oan de slach mei nij lesmateriaal foar dizze doelgroep.