Lear!

Klasse 1-6

Mei de lessen fan Lear! fersterkje de learlingen harren taalfeardigens. Dat bart selsstannich,  op harren eigen  tempo en nivo.

Didaktyk

De klam leit op skriuwen
Taalfeardigens omfettet wurdskat, stavering en grammatika, saken dy’t fan tapassing binne op de Fryske skriuwfeardigens.  Mar harkfeardigens en lêsfeardigens komme dêrby fansels ek oan bar.

Learlinen
Lear! bestiet út ferskillende learlinen yn de foarm fan lesseriges, in adaptive taalgame en eksamentraining. Dêrneist binne der losse oefeningen, toetsen en filmkes dy’t brûkt wurde kinne by it learen fan it Frysk.

DA
Learl!ne Frysk
Klasse 1-2

In oersjoch fan alle taalfeardigens foar klasse 1 en 2, ynkl. toetsen.

Hark en Sjoch
Klasse 1-6

Samling hark- en sjochtoetsen, foar alle nivo’s wat.

Twastriid!
Klasse 2-3

Adaptive taalgame mei sechtjin nivo’s oer de Fryske stavering. Ek oanwêzich: mei remediearjend materiaal.

Taaleigen
Klasse 3-6

Leskes yn Frysk idioom; 25 lessen oer wurdskat, siswizen en ynterferinsjes.

Taalfeardigens
Klasse 4-6

Werhelling fan alle taalfeardigens út de ûnderbou, mei in soad oefenmateriaal.

Lêsfeardigens / Eksamentrening
Klasse 4-6

Seis lessen oer lêsfeardigens, mei oanslutend oefeneksamens.

Selsstannich oan ‘e slach
De materialen fan Lear! binne perfoarst makke om selsstannich mei oan de slach te kinnen. Dat betsjut dat der foar alle learlingen passend materiaal oanwêzich is. Yn it algemien kin der ien learline keazen wurde foar de hiele klasse, mar is it ek mooglik om mear stipe of ferdjipping oan te bieden oan spesifike learlingen.

Organisaasje

Globale yndieling  op learjier
De learlinen en stypjende lesmaterialen binne yndield op learjier om in globale yndruk fan it nivo te jaan. Dochs bliuwt it wichtich om te besjen wat learlingen nedich hawwe.

In eigen Lear!rûte
Alle lesmaterialen yn Searje 36 binne yn te plannen foar  de hiele klasse, mar ék foar yndividuele learlingen. Sa kin der per learling in eigen learrûte ynklaaid wurde.

Differinsjaasje

Ferskil yn nivo
Wannear’t in learling op de middelbere skoalle komt, stiet net fêst dat hy of sy likefolle Frysk hân hat as de klasgenoaten. De Lear!line foar klasse 1 en 2 foarmet in basis op it mêd fan stavering en grammatika. Dat wol net sizze dat elk nei klasse 2 likegoed op itselde nivo sit. Guon learlingen sille mear stipe nedich hawwe, dêrfoar jildt differinsjaasje op tempo. De treddeklasser dy’t it nedich hat oefenet mei de Lear!line, in oar pakt Taaleigen op en wurket dêrmei fierder oan de Fryske taalfeardigens.

Ferskil yn tempo
Wannear’t in learling op de middelbere skoalle komt, stiet net fêst dat hy of sy likefolle Frysk hân hat as de klasgenoaten. It materiaal fan de Lesserige foar klasse 1 stekt dan ek yn op in frij leech nivo. Dat wol net sizze dat nei klasse 1 in algemien nivo berikt is. Guon learlingen sille mear stipe nedich hawwe, dêrfoar jildt differinsjaasje op tempo.

Ferskil yn ynteresse
Learlingen binne net allegear like ‘talich’. Ek sil net elk deselde aardichheid hawwe yn it learen fan in (nije) taal. It is dêrom fan belang in einnivo foar eagen te hawwen, dêr’t elke learlingen him oan oplûke kin. Foar de mear-wollers en -kinners sil differinsjaasje op ynteresse brûkt wurde. Dochs kin oannommen wurde dat wannear’t Frysk yn de boppebou in karfak is, de ynteresse om it fak te folgjen grut wêze sil.

Evaluaasje

Ynsicht op lesnivo
De resultaten fan alle learlingen binne yn te sjen en der wurdt automatysk byhâlden hoe lang oft in learling mei guon saken dwaande west hat. Sa is fêst te stellen oft learlingen meikomme kinne of ekstra stipe nedich hawwe.


Ynsicht op taaldoelen

De learline Twastriid befettet sechtjin ûnderdielen fan de Fryske stavering. Mei de taalgame Twastriid (ek it remediearjend materiaal Twastriid Ekstra) wurket de learling oan de ûnderdielen, yn fjouwer ‘levels’. Wannear’t der genôch skoard is op guon ûnderdielen sille de folgjende levels iepenje. As dosint is dat by te hâlden troch de resultatentabel. De Lear!line foar klasse 1 behannelet deselde staveringsûnderdielen, wêrnei’t der yn klasse 2 fierder wurke wurdt oan grammatika.