
Lesserige Klasse 1
Yn de earste klasse binne de Fryske lessen yndield yn fiif tema’s, dy’t oanslute by de belibbing fan de learling.
Didaktyk
Tematysk oan de slach
De Lesserige Searje 36 bestiet út fiif tema’s, mei elk fiif lessen en in toets. Mei dy tema’s slútst ienfâldich oan by de belibbingswrâld fan de hjoeddeistige learling.
Minsken en Mienskip
Tema 1 giet oer Famyljeleden, Moetsje & Groetsje, Telle en de Ofslútdyk.
Wenjen en Omjouwing
Tema 4 giet oer de natuer yn Fryslân, it lânskip dêr’tst yn wennest en (hiel bysûnder!) it Waad.
Freonen en Frije tiid
Tema 2 giet oer dyn freonen , mei ien ôfprate en de (âlde) Fryske taal.
Kultuer en Media
Tema 5 giet oer iten en drinken, tradysje en feesten, mar ek oer Redbad, ús âld kening.
Skoalle en Takomst
Tema 3 giet oer skoalle en skoalfakken, mar ek oer Eise Eisinga en syn planetarium.
Slút oan by de aktualiteit
It tydskrift LinKk!, FeRstival, SjONG en it LêsNo!-projekt hawwe altyd plak yn de lesserige. Sa fynst altyd in mooglikheid om oan te sluten by de aktualiteit.
Omtinken foar alle taaldomeinen
De Lesserige klasse 1 befettet learstof, oefeningen en opdrachten op it mêd fan lêzen, harkjen en skriuwen. Oan de hân dêrfan wurde de Fryske taal, kultuer en skiednis behannele. Frysk praten wurdt oefene yn de klasse troch it as fiertaal te brûken.
Organisaasje
Tema’s besteane út fêste ûnderdielen
In tema befettet lessen dy’t oer it tema gean, in LinKk!-les, in skiednisles en in ôfslutende toetsles.
Opbou
Ynhâld
Organisaasje
| Les 1 Temales | Teksten, filmkes, oefeningen en taalspultsjes oer it tema | Klassikaal 1 lesmomint |
| Les 2 LinKk!-les | Teksten en oefeningen by it aktuele tydskrift | Klassikaal 1 lesmomint |
| Les 3 Temales | Teksten, filmkes, oefeningen en taalspultsjes oer it tema | Klassikaal 1 lesmomint |
| Les 4 Skiednisles | In finster út de Fryske kanon | Klassikaal 1 lesmomint |
| Toetsles S.O. | Wurdskat, stavering, skiednis (h/v) | Klassikaal 1 lesmomint |
Tematyske lessen Frysk
Yn de earste les wurdt it tema yntrodusearre mei leardoelen en in bypassend gedicht. Dêrneist is der in Taalkaart dy’t troch it hiele tema hinne brûkt wurdt.
Yn de lessen 1 en 3 slute de teksten, filmkes, lûdsfragminten, oefeningen en taalspultsjes oan by it tema. Fierder komme der elk tema nije tiidwurden, staverings- en grammatikaregels oan bar.
De LinKk!-les
Yn les 2 is der romte foar it tydskrift LinKk! Dêrby hearre benammen lêsoefeningen, mar der binne ek kreative opdrachten by makke. De les is altyd aktueel en slút oan by wat der spilet yn it libben fan de learlingen.
De skiednisles
Les 4 is de skiednisles, dêr’t in Finster út de Fryske kanon yn behannele en útdjippe wurdt, troch middel fan filmkes en fragen. Dat is likernôch de helte fan de les, de rest fan de tiid wurdt bestege oan de lêste ûnderwerp Taalfeardigens.
Differinsjaasje
Wurkje op nivo
De ynhâld fan de lessen is kwa nivo te werkennen oan stjerkes. Ien stjerke stiet foar in Nederlânsktalige (of ienfâldich Fryske) oefening, twa stjerkes stiet foar gemiddelde Fryske oefeningen en trije stjerkes binne fan in wat heger nivo. Globaal sjoen kinne de nivo’s ek stean foar * net-Frysktalich, ** vmbo en heger en *** havo/vwo en heger.
De byhearrende S.O. wurket itselde; de ferskate ûnderdielen binne fan stjerkes foarsjoen en sa is in S.O. op maat gear te stallen. De S.O. is der ek as printferzje en der wurdt in antwurdmodel en sifertabel meilevere.
Op dy wize kin der differinsjearre wurde op skoal- en/of persoanlik nivo.
Evaluaasje
Ynsicht yn de resultaten fan learlingen
De resultaten fan alle learlingen binne yn te sjen en der wurdt automatysk byhâlden hoe lang oft in learling mei guon saken dwaande west hat. Sa is fêst te stellen oft learlingen meikomme kinne of ekstra stipe nedich hawwe.
Ferskillende toetsmominten
Binnen de Lesserige Searje 36 wurdt der seis kear toetst, mei de S.O. dy’t by elk tema heart. Dêrneist is der in harktoets makke, by inkelde ôfleveringen fan ‘Buorkje foar begjinners’. Dy harktoets past kwa ûnderwerp, mar ek kwa planning it bêste yn of om tema 4 hinne.
Brûk ek de ynstruminten fan Grip
It evaluearjen fan de Fryske taalfeardigens kin ek mei de evaluaasje-ynstruminten fan Grip. Dat kin mei fuortgongstoetsen lykas de ferskate Frisiatoetsen of de Lêsbegryptoets. Dêrneist binne der observaasjeynstruminten, dêr’t bygelyks oerlizze, presinteare, in skriftlike opdracht, in diskusje fiere of in boekbesprek hâlde mei beoardiele wurde kin.
