Doch!

Klasse 1-6

Mei de projekten fan Doch! wurkje de learlingen projektmjittich en kreëarjend oan de fiif Fryske taaldomeinen.

Didaktyk

Persoansfoarming
Oan de hân fan aktuele projekten learst it Frysk troch dermei te wurkjen en it ta te passen. Sa wurdt der omtinken jûn oan taalattitude, identiteit en it brûken fan it Frysk yn meardere konteksten. Der komt neist kwalifikaasje altyd in part sosjalisaasje en subjektifikaasje (persoansfoarming) werom yn de projekten, dy’t alle kearen útrinne op ien of meardere produkten. It gearwurkjend- en kreëarjend learen stiet sa sintraal yn Doch!

Wurkje doelfêst
Mei Doch! wurkest doelfêst oan de Fryske taal, want de leardoelen út de projekten binne keppele oan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk. De projekten kinst, oarsom, ek fine troch fia it referinsjeramt te sykjen nei doelen dêr’tst oan wurkje wolst.

Ferbetterje de taalhâlding
Learlingen leare hoe’t sy it Frysk yn it deistich libben brûke kinne. It ferbetterjen fan de taalhâlding (attitude) en it bewustwêzen wurdt befoardere troch te learen oer de rike kultuer, natuer en skiednis fan taal en provinsje.

De Projekten

Taal fan myn hert

Klasse 1

Nijsgjirrich projekt oer de skiednis en ûntwikkeling fan de Fryske taal.

Klassem!nt

Klasse 1

Projekt oer de betsjutting fan (de Fryske) taal foar de learling.

Besjoch it mar: Fûgels

Klasse 1

Projekt dat draait om observaasje en ynsicht, mei as tema de Greidefûgels.

FeRstival

Klasse 1

Oer it foardragen fan Fryske poëzij, bygelyks by de foardrachtswedstriid FeRstival.

SjONG!

Klasse 1-6

Muzikaal projekt om tekstskriuwen en ûntwerp hinne.

Royal Friesian: de ekspo

Klasse 2-3

Tolve ferneamde Friezen komme yn it fuotljocht.

LinKk! Magazine meitsje

Klasse 2-3

De klasse wurket oan in eigen jongereintydskrift.

De Lêsklup

Klasse 2-4

Kar-út in protte boeken om yn groepkes te lêzen.

Boekpromo

Klasse 3-6

De learlingen presintearje in boek op de basisskoalle.

De Keet

Klasse 3-6

TV-searje mei ferwurkings en in resinsje skriuwe.

It Feest

Klasse 3-6

Skriuwfeardigens yn it ramt fan feest-organisaasje.

Praat mar Frysk

Klasse 3-6

Petearfeardigens oefenje en op lokaasje filme.

De flier op!

Klasse 3-6

Toanielskiednis, ymprovisaasje en in stik opfiere.

Frysk yn bedriuw

Klasse 3-6

Frysk yn de eigen (wurk)omjouwing ûndersykje.

Fryske Doku’s

Klasse 3-6

Ynsichtsopdrachten by Fryske dokumintêres.

Organisaasje

Gearwurkjen stiet foarop
By de projekten fan Doch! stiet it gearwurkjend learen foarop. Leare fan en mei-inoar is effektyf en útdaagjend tagelyk. Der wurdt ynset op it wurkjen yn groepkes en bytiden sels mei de hiele klasse. It projekt Magazine meitsje is dêr in moai foarbyld fan.

Fariaasje oan wurkfoarmen
Oan ‘e hân fan fariearjende wurkfoarmen wurkest oan de fiif taaldomeinen fan it Frysk: harkje, lêze, prate, skriuwe en yn petear, mei in ferskaat oan ik-kin-bewearingen út it referinsjeramt Frysk.

Gjin lessen mar stappen
In projekt is opboud út fjouwer of fiif stappen. Dat binne perfoarst net itselde oantal lessen. Yn it gefal fan wurkjen yn groepkes kin it sa wêze dat der yn ferskillende stappen wurke wurdt, ôfhinklik fan harren tempo. Dochs is it mooglik en hâld dêr as dosint oarder yn.
De earste stap is klassikaal en yntrodusearret it ûnderwerp en de wurkwize, de tuskenstappen binne per projekt oars. De lêste stap fan in projekt bestiet út de ôfsluting en befettet de selsevaluaasje, de rubric en eventuele observaasjeynstruminten dy’t by it projekt passe.

Differinsjaasje

Wurkje op maat
Wurkje op maat troch te differinsjearjen yn tempo, nivo en wurkfoarmen.
By in fak as Frysk hâldst sa, mear as by oare fakken, rekken mei de ferskillen yn taaleftergrûn fan de learlingen. De ien kin Frysk as thústaal hawwe, wylst de taal foar de oare frij nij wêze kin.

Lit learlingen sels de kar meitsje
Guon projekten biede in ferskaat oan ferwurkingsopdrachten. Sa leare learlingen te kiezen wat by harren sels en it ûnderwerp past. Dêrneist leare de learlingen harren kar te ûnderbouwen.

Evaluaasje

Beoardielje mei Rubrics
By elk projekt fynst in Rubric, dêr’t de stappen fan it projekt yn beskreaun steane. Oan de hân fan dúdlike omskriuwings jout de Rubric oan wannear’t wat goed, foldwaande of min dien is. Dat hat twa doelen: de learling wit wêr’t er op beoardiele wurdt en de dosint kin de Rubric ynsette om it resultaat te bepalen.

Brûk evaluaasje-ynstruminten fan Grip
By in soad projekten wurde metoade-ûnôfhinklike evaluaasjeynstruminten fan Grip oanbean. Mei de observaasje-ynstruminten kinst beoardiele hoe’t de learlingen it Frysk brûke by in bepaalde ferwurking. De selsevaluaasjes jouwe learlingen de mooglikheid om nei te tinken oer harren prestaasjes en ûntjouwingen op it mêd fan de formulearre taaldoelen.