Dêrom Frysk: Klassem!nt

Dêrom Frysk: Klassem!nt is in bewustwurdingskampanje foar jongerein yn Fryslân dy’t antwurd jout op de fraach “Wêrom Frysk?”. Begjin april 2022 binne der ynformaasjepakketten ferstjoerd nei alle fû-skoallen yn de provinsje mei û.o. de lesbrieven dy’t hearre by de webapplikaasje (te finen fia ûndersteande knop).

By Klassem!nt stiet in rige fan seis fideoportretten fan ‘gewoane’ Friezen sintraal. Ferhalen oer it Frysk dy’t ferwûnderje, werkenning oproppe en oansette ta in moai klassepetear tusken learlingen en dosinten. De learlingen ‘ranke’ de fideo’s op basis fan wat sy hearre en tinke nei oer de wearde fan in taal en it nut fan it Frysk.

Foar de einopdracht krije alle learlingen in fotomapke dêr’t sy harren persoanlike portret mei meitsje kinne oer de eigen taal. Dat leveret moaie persoanlike petearen op en begryp foar elkoars motivaasjes.

Fiif redenen om Frysk te kiezen
  • Om’t it handich is foar letter
  • Om’t it oer dysels giet
  • Om’t it mear is as taal
  • Om’t meartalich wêze foardielen hat
  • Om’tst mear learst oer oare lytse talen