Klasse 4

vmbo

De vmbo’ers dy’t Frysk as eksamenfak keazen hawwe binne yn klasse 3 al begûn mei de eksamenfaze fan harren oplieding. De lesmiddels foar Klasse 4 binne dan ek in oanfolling op de projekten foar Klasse 3.

Learlingen fine hjir ûnder oaren lêsfeardigenstrening, oefeneksamens en ôfslutende toetsen op it mêd fan hark- en sjochfeardigens, mar ek in projekt dat rjochte is op it Frysk yn harren takomstich berop.

Doch!

Boekpromo

Kies in Frysk berneboek en promoatsje dat op ‘e basisskoalle!

Frysk yn bedriuw

Undersykje it gebrûk fan it Frysk binnen in Frysk bedriuw en skriuw in oanbefelling.

Hark/Sjoch

Oan de hân fan nijsgjirrige dokumintêres wurdt der neitocht oer de Fryske taal en identiteit.

Lear!

Lêsfeardigens

As tarieding op it sintraal eksamen Frysk.

Fryske útlisfilmkes

In ekstra helpmiddel foar it wurkjen oan de Fryske taalfeardigens.