Twastriid

Yn it jier 3018 binne de Friezen ferhuze nei in oare planeet om dêr in koloany te stichtsjen. Al gau komt der in twadieling yn it folk: de Boskfriezen tinke, lykas de Sânfriezen, dat sy de bêste binne.

Yn de game hearsto by de Boskfriezen of de Sânfriezen en wurkest hurd oan dyn eigen stikje Nij Fryslân. Troch oan dyn behearsking fan de Fryske taal te wurkjen fertsjinnesto jild. Dêrmei kinsto kazernes, sikehûzen, kantoaren en laboratoriums bouwe. Brûk dyn militêren, dokters, ekonomen en wittenskippers om missys te dwaan en better te wurden as it oare folk!

Mei it spyljen fan dizze game wurkest oan dyn behearsking fan de Fryske stavering, grammatika en tiidwurden. De opdrachten dy’tsto yn Twastriid makkest binne hieltyd keppele oan dyn persoanlike nivo. Sa bliuwt Twastriid in útdaging én fansels hartstikkene moai om te spyljen!

Lês ek wat de redaksje fan it tydskrift Linkk oer Twastriid skreaun hat!

Gearwurkje

Hokker team is strategysk sterk en fluch yn it útfieren fan de missys?

100% adaptyf

Alle learlingen wurkje op harren eigen nivo.

Ynsicht

Ynsjoch yn de fuortgong fan alle learlingen en help biede dêr wêr’t dat nedich is.