Klasse 2 en 3

vmbo en havo/vwo

Yn it ferfolch op klasse 1 wurdt der oerstapt nei projektmjittich wurkjen. Dat betsjut dat saken as gearwurkjen en selsrefleksje wichtiger wurde. De folchoarder fan de projekten is frij yn te foljen.

Doch! 

Kies út in ferskaat oan projekten en wurkje oan alle Fryske taaldomeinen.

Magazine meitsje
Klasse 2

Nim de LinKk as foarbyld en wurkje oan de foarmjouwing en útjefte fan in eigen tydskrift.

Royal Friesian: de eksposysje
Klasse 2

Meitsje in útstalling fan selsmakke keunstwurken oer ikoanyske, ferneamde Friezen.

Praat mar Frysk
Klasse 3

Oefenje mei deistige petearkes yn geef Frysk en pas dat op lokaasje ta.

Sjongtekst en platehoes
Klasse 2

Kom op in kreative wize yn ‘e kunde mei Frysktalige muzyk.

Taal fan myn hert
Klasse 2 en 3

Lear mear oer taalsosjology en it ferbân tusken taal, kultuer en maatskippij.

It feest
Klasse 3

Begjin mei assosjaasje en oare skriuwoefeningen en einigje mei in koart ferhaal.

De Lêsklup
Klasse 2 en 3

Troch in soad te lêzen wurdst better yn taal; bepraat Fryske boeken en bondels yn de Lêsklup!

De Keet
Klasse 3

Sjoch nei in Fryske dramasearje en foarmje in eigen miening oer de wichtichste saken yn it libben.

Lear!

Bring de Fryske taalfeardigens nei in heger nivo en wurkje oan it taaleigen.
Mei Lear! wurket de learling oan de behearsking fan Fryske stavering, grammatika en wurdskat.

Kombinaasjetip!

Mei de adaptive game Twastriid bouwe learlingen oan harren eigen stikje Fryslân.