Nij skoaljier

In nij skoaljier is in nije start. Wy helpe dy graach by it opstarten fan it skoaljier!

Doch! it sa

Stap 1: oanmelde en kontrolearje

Sille jim Searje 36 foar it earst brûke? Meld jim skoalle dan oan fia de webside fan Taalplan. Klik hjirûnder op de knop foar mear ynformaasje.

Besteande brûkers hoege harren net opnij oan te melden. De skoalbehearder kin wol neigean oft de gegevens foar de/alle dosint(en) noch klopje. Feroaring fan skoalbehearder kin trochjûn wurde fia searje36@afuk.frl.

Stap 2:
Learomjouwing ynrjochtsje

Rjochtsje de digitale learomjouwing yn. Dat kin ienfâldich mei in EDEXML-bestân út it learlingadministraasje.

Let op: Searje 36 kin pas brûkt wurde as de digitale learomjouwing ynrjochte is troch de skoalbehearder!

Stap 3:
LinKk bestelle

Noch gjin LinKk op skoalle? Bestel it tydskrift fergees fia de webside fan Taalplan. Klik hjirûnder op de knop foar mear ynformaasje. As jim LinKk al ûntfange, hoege jim net opnij oan te melden.
LinKk ferskynt seis kear yn it jier en heart by de lessen Frysk foar klasse 1. It stiet fol mei ynterviews, celeb-roddels, proaza, gamenijs en oare linke saken.

Digitale learomjouwing: dit is nij!

Filterje foar dyn groep

Sykje it dêr’tst it ferwachtest

Lit dy ynspirearje

Plan foar dyn groep

Brûk de EDEXML ymport

Lear! mear oer de metoade

Eftergrûn

Utlis oer de ferskate ûnderdielen fan Searje 36

Hantliedingen

Help by de ferskate ûnderdielen fan Searje 36

Workshop

Ferlet fan útlis en begelieding? Freegje fergees in workshop oan. Wy komme dan by dy op skoalle útlis jaan oer ynhâld, didaktyk en it brûken fan de fernijde digitale learomjouwing.

Faak stelde fragen

Besjoch hjirûnder in oantal faak stelde fragen oer it nije skoaljier.

Wat is in skoalbehearder?
De skoalbehearder is de kontaktpersoan foar de metoade en hat rjochten foar it ynrjochtsjen fan de digitale learomjouwing. Op alle skoallen is der ien skoalbehearder, dizze persoan is by it bestellen fan de metoade trochjûn.

Wa is de skoalbehearder?
Yn it skoalbehear fan de digitale learomjouwing is te sjen wa’t foar jim skoalle de skoalbehearder is.

Kin der in oare persoan skoalbehearder wurde?
Ja, dat kin. Nim hjirfoar kontakt op mei de Afûk fia 058 234 30 70 of searje36@afuk.frl.

Wêr fyn ik it EDEXML bestân fan de de skoalle?
In EDEXML-bestân kin eksportearre wurde fanút it learlingadministraasjesysteem.

Hoe bepaal ik hokker learlingen ynladen wurde moatte?
Yn goun gefallen kinst by it eksportearjen fan in EDEXML-bestân al oanjaan hokker groepen as der yn opnaam wurde moatte.
Kin dat by jim learlingadministraasjessyteem net, dan kin by it ynladen fan it EDEXML-bestân yn de digitale learomjouwing oanjûn wurde hokker groepen as der ynladen wurde moatte.

Kin ik help krije?
Fansels helpe wy dy graach by it goed opstarten fan it nije skoaljier!
Der is in stappeplan foar it ynrjochtsjen fan de digitale learomjouwing. En der binne hantliedingen oer ferskate ûnderdielen fan de metoade.
Utlis oer de metoade op skoalle kin ek, freegje dêr in workshop foar oan.
Hast oare fragen? Nim dan kontakt op mei de Afûk.